thumb| Wapen fan Wytmarsum It wapen fan Wytmarsum is it wapen fan it doarp Wytmarsum, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn syn hjoeddeiske foarm yn 1969 registrearre.

Skiednis It wapen waard troch Klaas Sierksma werom fûn yn in hânskrift. De weagjende dwersbalke soe ferwize kinne nei de feart nei it doarp. It wapen is in saneamd riedselwapen dêr't sprake is fan metaal op metaal (sulver op goud). De Fryske Rie foar Heraldyk hat der net foar keazen om it wapen oan te passen omdat it in âld wapen is.

Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:

Yn goud in sulveren weagjende dwersbalke mei trije griene pompeblêden, pleatst 2:1.

De heraldyske kleuren binne: goud, sulver en sinopel (grien).

Sjoch ek

Witmarsum Kategory:Wytmarsum